E. du Perron | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Duco Perkens, Joseph Joséphin, W.C. Kloot van Neukema, Angèle Baedens, Cesar Bombay en Bodor Guíla | |
echte namme | Charles Edgar du Perron | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 novimber 1899 | |
berteplak | Meester Cornelis | |
stoarn | 14 maaie 1940 | |
stjerplak | Bergen | |
etnisiteit | Yndysk Nederlanner | |
wurk | ||
sjenre | poëzy, essays, romans | |
bekendste wurk(en) |
Het land van herkomst | |
offisjele webside | ||
Perron yn de DBNL |
Charles Edgar (Eddy) du Perron (meast oantsjut as E. du Perron) (Meester Cornelis, (West-Java), 2 novimber 1899 — Bergen, 14 maaie 1940) wie in Nederlâns dichter, kritikus en proazaschrijver. Mei Menno ter Braak en Maurice Roelants rjochte er it literêre tydskrift Forum op, dat in soad ynfloed hie. In part fan syn wurk (oant 1925) publisearre er ûnder it pseudonym Duco Perkens. Oare skûlnammen wienen Joseph Joséphin, Bodor Guíla, W.C. Kloot van Neukema, Cesar Bombay en Angèle Baedens.